Fryskefy: it Fryske Muzykplatfoarm
Muzyk is it moaiste wat d’r is! Fryske muzyk? Nóch moaier! Mei dyn stim kinne wy dermei starte, click hjir –> https://stimfanfryslan.frl/budgets/1/investments/50
Us idee: Fryskefy
In online muzyk platfoarm wat fjouwer doelen tsjinnet:
- Harkje | Fryske muzyk harkje, mei in echte Fryske top 100. Mei each foar it komplete muzyk fjild en orizjinele Fryske muzyk.
- Leare | Mei in leechdrompelige lesmetoade wolle we bern en folwoeksenen kennis meitsje litte mei muzyk. Muzyk is in kreatyf proses it makket dyn geast frij. Hoe mear minsken we dêr mei oanstekke hoe better!
- Spylje | Fryske muzyk meitsje wolle we stimulearje troch Fryske blêdmuzyk en kennis te dielen. Tink oan workshops foar it skriuwen fan Fryske muzyk en poëzy, wêrby ek de ferbining lein wurd tusken de jongerein en de âlderein.
- Ferbine | D’r binne safolle projekten en muzikale inisjativen yn Fryslân dy it bestean fan elkoar net witte. Kânsen bliuwe dertroch ûnbenut. Dat kin oars! Wy lizze de ferbining tusken inisjativen en partijen. Mei elkoar muzyk meitsje is dochs folle moaier?
Koartom, Fryskefy wurd it platfoarm wêr alles rûnom Fryske muzyk gearkomt. Sa kin hiel Fryslân mear genietsje fan muzyk yn ús ryke Fryske taal. Uteinlik sjogge we Fryskefy as in inisjatyf fanút in nij op te setten stichting RYK. Want ryk binne we yn ús taal en kultuer.
Dit is it plan wer at we mei genôch stimmen fan dy en oaren in begjin oan meitsje kinne. Stimme kin troch te surfen nei: https://stimfanfryslan.frl/budgets/1/investments/50
Eén reactie op “Goeie Fryslân, ús kampanje is begûn!”
Hi, this is a comment.
To get started with moderating, editing, and deleting comments, please visit the Comments screen in the dashboard.
Commenter avatars come from Gravatar.